Slim ûngelok rotonde De Jouwer

By it ûngelok mei twa frachtweinen by de rotonde by De Jouwer is in 47-jierrige chauffeur út De Blesse ferwûne rekke. In 42-jierrige sjauffeur út Mitselwier kaam mei de skrik frij. Om 11.00 oere botsten in kuolauto en in kontenerauto op mekoar.
Troch it ûngelok ûntstie in lange file op de A7 fan It Hearrenfean nei De Jouwer. Hoe't it koe dat de frachtweinen op mekoar klapten, is noch net bekend. De plysje is noch dwaande mei it ûndersyk.