Sabotaazje muskusrôtklemmen

03 feb 2011 - 11:00

Yn 'e Lemster Polder binne muskusrôtklemmen sabotearre. Wetterskip Fryslân hat dêr oanjefte fan dien by de plysje. De klemmen binne bedoeld om de muskusrotten te fangen. It ôfrûne wykein binne yn de polder klemmen op 'e sydkant lein. Dêrtroch hawwe se har wurk net dwaan kinnen.

It pleatsen fan klemmen wurdt altyd dien troch it wetterskip foar de muskusrôtbestriding. De klemmen wurde alle dagen kontrolearre.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)