'Fleanbasis Ljouwert ticht'

03 feb 2011 - 10:02

De fleanbasis yn Ljouwert giet nei alle gedachten ticht. Dat ferwachtsje lanlik saakkundigen Kees Homan fan Clingendael en definsjespesjalist Rob de Wijk. Sy sizze dat yn in dokumintêre fan Omrop Fryslân.

Definsje moat 1 miljard euro besunigje. De Telegraaf meldt tongersdei ek dat de basis yn Ljouwert tichtgiet. Dat stiet yn in fertroulik konseptplan fan it ministearje. Dat soe in grutte klap foar de wurkgelegenheid yn Ljouwert wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)