Toeristysk Platfoarm hâldt op

03 feb 2011 - 09:27

It Toeristysk Platfoarm Noardwest-Fryslân hâldt op. De taken wurde fan 1 april ôf útfierd troch de provinsjale Fryske VVV. It platfoarm is yn 2001 oprjochte om it toerisme yn Noardwest-Fryslân op 'e kaart te setten. Fierders moat de gearwurking tusken de ferskate toeristyske ûndernimmers ferbettere wurde.

De ôfrûne jierren is in rûtenetwurk foar fytsers opset, binne workshops en ekskursjes hâlden en is in toeristysk besitekaartsje ynfierd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)