Ferwûne by ûngelok A32

Fotö: Jaring Rispens
By in ûngelok op de A32 by Terbant is woansdeitejûn in man ferwûne rekke. Hy ried mei de auto achter op in trailer fan in ridende frachtwein. De brânwacht fan Tsjalbert moast de man út 'e auto weihelje.
Troch it ûngelok wie ien rydstrook fan de rjochting fan It Hearrenfean nei Akkrum in skoft ôfsletten. It ferkear hat dêr net folle lêst fan hân.