Harns yn it LED-ljocht

02 feb 2011 - 21:30

De Noarderhaven yn Harns wurdt sûnt woansdei ferljochte mei LED-lampen. Neffens wethâlder Jan de Boer is Harns de iennichste gemeente dy't LED strjitferljochting tapast yn in omjouwing dêr't ek ryksmonuminten steane. Dêr is ek rekken mei hâlden by de kar foar de lantearnepeallen.

Der is foar dizze wize fan ferljochting keazen om't der minder enerzjy nedich is. Boppedat geane de ljochten fyftjin oant tweintich jier mei.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)