COC wer omtinken foar froulju

Nei goed seis jier sil no freed foar it earst wer in jûn foar froulju organisearre wurde by homobelange-organisaasje COC. Yn it begjin fan de jierren '00 wie it hiel gewoan dat der neist gearkomsten foar manlju ek geregeld gearkomsten foar froulju organisearre waarden. Dochs is dit nei 2005 samar ophâlden.
De organisaasje wol no besykje om de tradysje nij libben yn te blazen. It is de bedoeling dat der tenei ien kear yn 'e moanne sa'n jûn is.