Fryske keunst yn New York

02 feb 2011 - 20:14
  • foto: Jeroen Musch

Keunstneresse Claudy Jongstra fan Spannum sil fan takom wike ôf eksposearje yn New York. In part fan har kolleksje sil te sjen wêze yn it haadkantoar fan de Feriene Naasjes. It is in tydlike tentoanstelling yn it ramt fan it jier fan de biodiversiteit fan de Feriene Naasjes.

Op de útstalling sille ûnder oaren tapiten te sjen wêze. Ek sil ien fan de topstikken fan it Frysk Museum, in breidsjurk fan filt, útliend wurde foar dizze eksposysje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)