Weening hat nocht oan seizoen

Pieter Weening
It profesjonele hurdfytspeloton giet yn Europa ek wer los. Sa rydt Lieuwe Westra op dit stuit yn Frankryk de Ster fan Bessèges.
Mar der binne ek hurdfytsers dy't al in grutte wedstriid riden ha. Ien fan dy fytsers is Pieter Weening fan De Harkema. Mids jannewaris wie hy yn Australië foar de Tour Down Under. Ynkoarten rydt er op Mallorca, dêrnei de Ronde fan de Algarve en Parys-Nice. It grutte doel dit jier is de Ronde fan Italië, de Giro.