Dost: 'fertrouwen herstelle'

02 feb 2011 - 16:58

Bas Dost fynt net dat er Hearrenfean yn de steek litten hat. Dat seit er op it net trochgean fan de transfer nei Ajax. Yn de lêste dagen foar it sluten fan de merk waard drok ûnderhannele oer de oergong. Dost hie sels in arbitraazjesaak oanspand om fuort te kommen. Dat mislearre.

Dost hat woansdei mei trainer Jans en foarsitter Veenstra praat. Hy hopet dat de fertrouwensbreuk mei Jans hersteld wurde kin. Hy baalt wol dat de transfer net trochgien is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)