Wurk Jongstra foar nij museum

02 feb 2011 - 16:19

It Fries Museum hat woansdei in keunstwurk presintearre foar yn de hal fan it nije museum. It doek is makke troch Claudy Jongstra en moat 21 meter lang wurde en 6 meter heech. It is makke fan filt en side en wurdt ferve mei natuerlike grûnstoffen.

It doek moat it gefoel fan Fryslân útstriele. It doel is dat it doek minsken it nije museum oan it Saailân ynlûke moat. It nije Fries Museum moat yn 2013 iepen gean.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)