Kieskompas online

02 feb 2011 - 15:36

Foar de steateferkiezings is in digitale kieswizer makke. Op fryslan.kieskompas.nl steane 30 stellingen oer bygelyks wynmûnen en de ôffaloven yn Harns. De stellingen binne yn it Frysk en yn it Nederlânsk. De side is woansdei online kommen.

Letter dizze moanne komt der in nije fariant fan it Kieskompas online. Op Kieskompas in Beeld steane plaatsjes en sprutsen tekst by de stellingen. De steateferkiezings binne woansdei 2 maart.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)