Wettertaksy nei eilannen

Der komt ferfier-op-maat fan Harns nei Skylge of Flylân. It wurdt fersoarge troch Vlieland Maritiem Vervoer en Doeksen. It begjint yn de maaitiid.
Doel is om minsken oer te setten dy't de boat mist ha of foar wa't de boattiden net útkomme. Der wurdt ek oerwage om catering oan board te hawwen en in eigen parkearplak foar de klanten op te setten. De wettertaksy kin ek ynset wurde foar spoedeaskjend ferfier nei de wâl. Wat it kostje sil, is noch net dúdlik.