'Oergong Bas Dost wie rûn'

02 feb 2011 - 11:56

De oergong fan Hearrenfean-spits Bas Dost nei Ajax, dy't op it alderlêste momint net trochgie, wie feitlik rûn. Dat seit Henk Nienhuis, saakwaarnimmer fan Dost. Neffens Nienhuis gie SC Hearrenfean te let akkoart mei it bod fan Ajax. Dit wie moandeitejûn om healwei tolven. Dêrtroch wie der te min tiid om de administraasje klear te krijen. De KNVB soe om útstel frege wêze, mar dy joech gjin tastimming.

SC Hearrenfean hat noch net op de saak reagearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)