Maria Sterk op streek ferslein

Maria Sterk (foto: Sportfoto.nl)
Maria Sterk waard woansdeitemoarn op de einstreek ferslein troch Mariska Huisman by it iepen NK maraton op de Weissensee. De ynwenster fan Hallum, yn febrewaris 2010 Nederlânsk kampioenskip op de Súdlaardermar, wie yn it lêste rûntsje útnaaid.
De achterfolgjende groep kaam mei de einstreek yn sicht hieltyd tichteby. Sprintster Mariska Huisman fan West-Graftdijk, sneon ek al winner fan de Aart Koopmans Memorial, wie de iennichste dy't Maria Sterk ynhelle.