Plysje pakt jonge dieven

02 feb 2011 - 10:47

De plysje hat de ôfrûne dagen yn Snits fjouwer jonges oanhâlden. In frou seach sneon dat trije jonges yn de Eerste Woudstrjitte dwaande wiene it slot fan in fyts troch te fleksen. Se belle de plysje. Nei buertûndersyk koe de plysje de trije jonges (13, 14 en 15) arrestearje. De fjirde is snein oppakt. Se bekenden stellerij fan fiif fytsen by it stasjon yn Snits. De fytsen binne fûn en yn beslach naam.

Yn it hûs fan ien fan de jonges binne ek twa nep-fjoerwapens fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)