Man mei harddrugs oppakt

02 feb 2011 - 10:34

In man (61) út Ljouwert is tiisdei op de Emmakade yn Ljouwert oppakt. Hy hie harddrugs by him. Surveillearjende plysjes seagen him en hiene it sterke fermoeden dat er krekt drugs kocht hie. Ut kontrôle die bliken dat se gelyk hiene: de man hie alve boltsjes kokaïne by him.

De drugs binne yn beslach naam, de fertochte hat in proses ferbaal krigen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)