Ald-wethâlder Heijltjes stoarn

02 feb 2011 - 09:51

Ald-wethâlder Willem Heijltjes fan Eaststellingwerf is snein ferstoarn. Fan 1994 oant 2002 siet Heijltjes foar de CDA yn de gemeenteried fan de gemeente. Fan 2002 oant 2006 wie er wethâlder foar Eaststellingwerf. Dêrneist wie er ek foarsitter fan de WMO ried, dy't er ek mei opset hat.

Heijltjes hat in harsenblieding hân. Hy is 67 jier wuden. De begraffenis is sneon yn syn berteplak Nijmegen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)