Man ferwûne by Mûnein

02 feb 2011 - 09:26

In man is tiisdeitejûn by Mûnein slim ferwûne rekke om't er op in krusing rjochtút ried. Hy kaam boppe in sleat ta stilstân.

Ferskate helptsjinsten kamen nei de Ottemawei. Fia de achterduorren fan de auto waard de man mei in brankaar út de auto helle. Om't de tastân fan de man minder waard, kaam it traumateam út Grins. Nei behanneling troch in arts en anestesist is de man oerbrocht nei it sikehûs.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)