Twongen útwike nei keunstgers

01 feb 2011 - 23:13

Fuotbalklups dy't in keunstgersfjild ha, meie harren wedstriden net mear ôflasse as it gewoane fjild ôfkard wurdt. De lêste moannen waarden troch froast en snie in soad wedstriden ôflast. De KNVB is benaud dat der net genôch ynheldagen binne en dêrom wurde de ferienings twongen harren keunstgersfjild te brûken.

Ferienings spylje leaver gjin wedstriden op it keunstgers fanwege it risiko op blessueres. De KNVB seit dat alle fjilden goedkard binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)