Arbeiders Spaansen teloarsteld

01 feb 2011 - 22:56

De meiwurkers fan Spaansen Betonflieren binne lilk en teloarsteld oer de oansteande ferhuzing fan it bedriuw nei Kampen. Dat die tiisdei bliken op in ledegearkomste fan de fakbûnen.

Troch de krisis yn de bou skrast Spaansen de bou fan in nij fabryk yn Harns en giet tegearrre fierder mei it bedriuw Beton Son. De fakbûnen leauwe net dat oer it beslút te praten falt, mar de leden wolle goeie ôfspraken oer reiskosten en wurkgarânsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)