Gearwurking troch teaters

01 feb 2011 - 21:22

Kultureel Sintrum de Skâns fan De Gordyk en it Posthuis-teater fan It Hearrenfean smite de lapen gear. Yn it nije seizoen stelle beide teaters tegearre it programma op.

Ek de marketing wurdt tenei foar beide ynstellings mienskiplik dien. De gearwurking is ein ferline jier ûntstien doe't de Skâns ûnderdak bea oan de repetysjes en produksje fan de foarstelling Scrooge op de Fok, dy't makke waard by it 125-jierrich bestean fan it Posthuis.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)