Bedriuwen kinne ôffal net kwyt

Bedriuwen op Skylge kinne oant april gjin ôffal kwyt by de gemeente. Neffens de fergunning mei 50 kilo smoargens stoart wurde, mar dat wurdt metten troch auto en karre foar en nei it stoarten te wagen. De provinsje fynt dat net goed omdat yn 't foar net dúdlik is wat it gewicht krekt is.
Dêrom moat de gemeente earst in nije fergunning oanfreegje, wêryn't 5000 kilo bedriuwsôffal stoart wurde mei. Oant de nije fergunning fan krêft is, mei Skylge gjin bedriuwsôffal ynnimme.