Sporthal Kenniskampus klear

Yn Ljouwert is tiisdei it nije sportkompleks fan de Kenniskampus yn gebrûk nommen. Dat waard dien troch ûnder oare turner Herre Zonderland. Wethâlder Thea Koster die de offisjele iepening.
It nagelnijekompleks ferfangt de âlde sporthal fan Bilgaard, dy't meikoarten sloopt wurde sil. De dûbele gymseal en sporthal op de Kenniskampus foldogge oan de Olympyske noarmen. It nije sportkompleks hat sa'n 5,5 miljoen euro koste.