Omrin fersmoarge Alddiel

Wetterskip Fryslân hat in proses-ferbaal útrikt oan Omrin fanwege in miljeu-oertreding. Moandei is troch noch ûnbekende oarsaak tusken de 10 en 40 liter oalje fan Omrin yn it wetter fan it Alddiel telâne kaam.
Dêrtroch ûntstie in flek mei in omtrek fan sa'n oardel kilometer. Der binne fuortendaliks skermen pleatst om foar te kommen dat de oalje him fierder ferspriede kin. Tiisdei wurdt de oalje oprêden. Omrin makket derneist it eigen bedriuwsrioel skjin.