Kruiswijk ien duel skorst

Arnold Kruiswijk
Hearrenfean-ferdediger Arnold Kruiswijk is foar ien wedstriid skorst. Kruiswijk krijt dizze straf oplein nei syn reade kaart fan ôfrûne snein tsjin FC Grins. Yn de einfaze fan dy wedstriid helle Kruiswijk spits Tim Matavz ûnderút doe't hy ûnderweis wie nei de goal.
Kruiswijk mist troch de skorsing de wedstriid fan kommende sneon tsjin NEC.