Jorritsma promoat ferkiezings

01 feb 2011 - 11:49

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma sil freed mei in spesjale bus troch Fryslân reizigje om de steateferkiezings fan 2 maart ûnder de oandacht te bringen. Hy is ûnder oare by projekten dêr't de provinsje in rol yn spilet, lykas it projektburo A7 Snits. Mei in kwis sil Jorritsma besykje om skoalbern yn Drachten by de ferkiezings te belûken.

Jûns is der yn Ljouwert in debat mei HBO-studinten oer de takomst fan Fryslân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)