Twa ferwûnen by ûngelok Blije

Twa minsken binne moandei ferwûne rekke by in oanriding op de Ljouwerterdyk by Blije. In 80-jierrige autobestjoerder út Ferwert helle in trekker yn, wylst der fan de oare kant in auto oanriden kaam. Dy waard bestjoerd troch in 42-jierrige ynwenner fan Marrum. In botsing wie it gefolch.
De Marrumer en syn 40-jierrige passazjier rekken ferwûne. Se binne mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.