Bagger ûndergrûn nije diken

01 feb 2011 - 10:07
  • Deputearre Piet Adema

Diken dy't nij oanlein wurde yn Fryslân krije tenei bagger en sân as ûndergrûn. De provinsje hat sa in nuttige oplossing fûn foar de bagger en it sân dat út de grûn komt by it útdjipjen fan kanalen. De grûn kin ek brûkt wurde by it meitsjen fan lûdswâlen by autodiken.

It wergebrûk fan bagger en sân besparret jild. De provinsje hoecht net earne oars grûn oan te keapjen en hoecht ek minder depots foar bagger oan te lizzen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)