It Amelân: gjin projektlieder

01 feb 2011 - 09:57

Der komt gjin eksterne projektlieder foar Ameland voor Iedereen. Dat waard moandei dúdlik yn de gemeenteried fan It Amelân. It projekt moat regelje dat it eilân foar eltsenien berikber wurdt. Neffens de gemeente komme minsken mei in beheining no net nei it eilân omdat it net goed tagonklik is.

Bulterige diken en hege drompels soene ferdwine moatte. In projektlieder kostet 60 tûzen euro. Ameland '82 en de PvdA fine dat tefolle jild en stimden moandei tsjin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)