Eco-sertifikaat foar coaches

01 feb 2011 - 07:37

Fyftjin keatscoaches hawwe moandeitejûn in wichtich sertifikaat krigen. Mei dat sertifikaat meie se harsels no eco-coach neame.

In eco-coach konsintrearret him net allinnich op de technyk fan de sport, mar ek op oare saken. De coaches moatte foaral de keatstalinten fan 16 oant 21 jier foar de sport behâlde. Dizze groep heakket no faak ôf. Under oaren Linda Terpstra, Afke Hylkema, Johan Okkinga en Dirk Jan van der Woud binne no eco-coach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)