Opfolger Dost út earedivyzje

31 jan 2011 - 22:02

SC Hearrenfean siket de opfolger fan Bas Dost yn eigen lân. Mocht Dost op 'e lêste dei fan de transferperioade noch nei Ajax gean, dan komt syn ferfanger út de earedivyzje, sa befestiget SC Hearrenfean-foarsitter Robert Veenstra.

De 21-jierrige Ruud Boymans fan VVV-Venlo soe yn 'e belangstelling stean fan SC Hearrenfean. Boymans skoarde dit seizoen yn 18 wedstriden 9 doelpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)