Jild foar ûndersyk swietstof

Fiif miljoen foar ûndersyk nei swietstoffen
Minister Maxime Verhagen fan ekonomyske saken stelt 5 miljoen euro beskikber foar ûndersyk nei natuerlike swietstoffen. Suvelkonsern FrieslandCampina docht dêr tegearre mei de universiteit fan Wageningen ûndersyk nei.
FrieslandCampina is dwaande om suvelprodukten swiet te meitsjes sûnder der mear sûker yn te dwaan, mar te wurkjen mei natuerlike stoffen. Verhagen wol dat stimulearje.