Lykspul Jong Hearrenfean

31 jan 2011 - 21:40

Jong Hearrenfean/Emmen kaam moandeitejûn net fierder as in 2-2 lykspul tsjin Jong Heracles Almelo. Op it keunstgers fan Skoatterwâld kamen de gasten yn in stroefe earste helte krekt foar it skoft op foarsprong.

Jeffrey Gouweleeuw makke nei it skoft de lykmakker, Ben Rienstra sette Jong Hearacles wer op foarsprong en Luciano Narsingh makke de 2-2. Doe't Narsingh krekt foar de ein in strafskop krige, like de winst binnen. De ynset fan Filip Djuricic waard lykwols keard.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)