Rapport ljochtútstjit stâl

Oerlêst troch ljocht út lisboksstâl kin makkelik oanpakt wurde
Ljochtoerlêst yn de omkriten fan grutte lisboksstâlen kin mei praktyske maatregels ienfâldich oplost wurde. Dat konkludearje ûndersikers fan de Wageningen UR en TNO. In jier lang is ûndersyk dien nei hoe grut de oerlêst fan ljochtútstjit is en wat dêroan te dwaan is. Boeren soene minder faak de ljochten yn de stâl oansette kinne.
It advys is ek om lampen better ôf te skermjen sadat se allinnich de stâl ferljochtsje en minder nei bûten skine.