Dochs struie foar âlderen

31 jan 2011 - 20:51
  • Ljouwert sil ek diken by fersoargingshûzen struie by glêdens

De rinrûtes fan fersoargingssintra nei bushaltes en winkelsintra yn Ljouwert sille yn de takomst wol struid wurde as it glêd is. Dat hat de gemeente Ljouwert besletten. De ôfrûne froastperioade mei snie wie der in soad krityk op it struibelied fan de gemeente.

Sawol de ANBO as de PvdA hawwe in soad omtinken frege foar it struien op rûtes dêr't âlderen gebrûk fan meitsje. It wurk sil dien wurde troch meiwurkers fan Caparis.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)