Rosier postúm ûnderskieden

31 jan 2011 - 17:53
  • Martijn Rosier kaam yn 2007 om

Martijn Rosier, de militêr dy't yn 2007 yn it Afgaanske Uruzgan om it libben kaam, krijt in postume ûnderskieding. Nije wike woansdei krijt er it "gevechtsinsigne". Dat bart op de militêre skoalle yn Weert, dêr't Rosier syn oplieding krige. Op it oefenterrein yn Budel wurdt fierder noch in brêge nei him neamd.

De doe 30-jierrige sersjant Martijn Rosier út Sint Anne kaam yn Uruzgan om it libben troch in bermbom.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)