Mear bernemishannelings melden

31 jan 2011 - 17:35

It ôfrûne jier binne yn Fryslân wer mear bernemishannelings melden. De taname is foaral op it plattelân. It advys- en meldpunt bernemishanneling yn Fryslân fynt it ferûntrêstend dat it tal meldings oer bernemishanneling noch hieltyd tanimt. In ferdûbeling yn fjouwer jier tiid oant 526 yn 2010.

Mei de Fryske Meldkoade wurdt dêrom dit jier in grutte aksje op tou set, dy't it pubyk bewuster meitsje moat fan bernemishannelings yn eigen omjouwing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)