Ajax yn oertreding mei Dost

31 jan 2011 - 14:16

Ajax hie gjin tastimming om mei Bas Dost te praten, mar hat dat wol dien. Dat seit de advokaat fan SC Hearrenfean yn de arbitraazjesaak tusken de oanfaller en de klup. Fierder is der neffens de advokaat gjin sportive ferbettering foar Dost. Bas Dost wol nei Ajax en hat it no oer in fersteurde wurkrelaasje. Neffens Hearrenfean is dy der net en sil dy fersteurde relaasje der ek net komme.

Hearrenfean freget sa'n acht miljoen oan Ajax foar de spits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)