Papadopulos nei Ruslân

31 jan 2011 - 14:06

Oanfaller Michal Papadopulos fan de Sportklup Hearrenfean giet per direkt foar 3,5 jier nei it Russyske FC Zhemchuzhina Sochi. De Tsjech hat him meld by syn nije ploech yn Antalya. Dêr yn Turkije is Sochi op dit stuit op trainingskamp.

Papadopulos kaam yn de simmer fan 2009 nei It Fean. Foarich seizoen makke er 14 doelpunten yn 37 offisjele wedstriden foar it earste en de beloften. Dit seizoen kaam er fjouwer kear yn aksje foar it earste.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)