SC Cambuur hiert Van der Laan

31 jan 2011 - 14:06

Sportklup Cambuur hiert linksback Martijn van der Laan foar de rest fan dit seizoen fan BV Veendam. De Ljouwerters wiene op syk nei in nije linkerferdigener, omdat Randy Rustenberg nei AGOVV oerstapt is.

Van der Laan waard oplaat by FC Grins, mar is yntusken dwaande mei syn tredde seizoen by Veendam. Dit jier spile er mar fiif wedstriden. Syn kontrakt rint nei dit jier ôf by Veendam. Van der Laan is snein al ynsetber as Cambuur it opnimt tsjin Sparta.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)