Ljouwerters fêst yn Caïro

31 jan 2011 - 12:16

Reisburo's binne op it stuit drok dwaande Nederlanners sa gau mooglik út Egypte wei te heljen. Yn it lân wurdt al dagenlang protestearre tsjin presidint Mubarak. De Ljouwerters Renate Mason, Rudie en Arnold Kramer sitte al twa dagen fêst op it fleanfjild fan Caïro. Se soene fia de Egyptyske haadstêd nei Súd-Afrika fleane, mar dy flucht giet net.

Neffens Ljouwerter reisburo Internoord is it lestiger om minsken út Caïro te repatriearjen as út toeristyske oarden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)