Mear minsken op de fyts

31 jan 2011 - 11:41
  • Fytspaden feiliger

De provinsje wol de kommende jierren nochris 25 miljoen euro stekke yn bettere foarsjennings foar fytsers. De ôfrûne jierren waard dêr ek al 10 miljoen oan útjûn en dat hat positive resultaten opsmiten.

Der gean wat mear minsken op de fyts nei it wurk en de beoardieling dy't jûn wurdt oan saken as fytspaden is omheech gien fan in 7.0 yn 2005 nei in 7.2 no. Dat docht bliken út de fyts-enkête, wêrfan't de provinsje de resultaten moandei bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)