LDODK wint yn thriller

30 jan 2011 - 17:44

LDODK hat de kuorbaltopper yn de haadklasse wûn. De ploech út Terwispel en De Gordyk wie mei 19-18 krekt wat better as VADA. Dêrmei stiet LDODK mei in wedstriid mear spile yn punten lyk mei koprinner OVVO en fiif punten los fan VADA út Wageningen, de nûmer trije.

It wie in triller yn de thúshal. De skoare gie lyk op en oan de ein fan de twadde helte kamen de besikers noch foar. Troch lûd oanmoedigjen fan it publyk koe de Fryske kuorbaltopper de winst binnen helje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)