Grins: 'Trots van het Noorden'

30 jan 2011 - 16:32

FC Grins mei him dit seizoen de 'Trots van het Noorden' neame. Earder dit seizoen waard it 1-0 foar Grins, snein yn it Abe Lenstra Stadion wûnen se wer, terjochte mei 4-1. De ploech fan trainer Pieter Huistra wie folle sterker. By rêst stie it al 2-0.

Pas by in 3-0 efterstân koe Djuricic wat werom dwaan. Doe't Dost in minút letter de peal rekke, wie it dien mei de ploech fan Jans. Kruiswijk pakte noch in reade kaart. Yn blessueretiid skoarden de Grinzers noch in kear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)