Goud foar Marrit Leenstra

30 jan 2011 - 15:28

It Nederlânske reedrydteam mei Marrit Leenstra út Wikel, Diana Valkenburg en Ireen Wüst hat snein op de wrâldbekerwedstriden yn Moskou goud helle op de ploege-efterfolging. De trije froulju hellen in tiid fan 3.01,13, foar Noarwegen en Dútslân.

Christine Nesbitt wûn de 1000 meter. De Kanadese wie mei 1.15,59 rapper as Ireen Wüst (1.15,94). Margot Boer pakte it fjirde plak yn 1.16.58 en Marrit Leenstra waard sechsde yn 1.16.68.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)