Lytse file Grinssupporters

Foto fan Twitter
Lilke Grinssupporters ha sneintemiddei tusken Grins en It Hearrenfean in file feroarsake. Dy soe tusken de trije en seis kilometer west ha. De supporters fan FC Grins protestearje om't se troch de gemeente Hearrenfean ferplicht mei in autokomby nei de fuotbalderby komme moasten.
By foarige derbys moast de plysje optrede tsjin Grinzers supporters yn it sintrum fan It Hearrenfean. Sadwaande hat boargemaster De Jonge de autokomby ynsteld.