Aksje foar Armeense klasgenoat

30 jan 2011 - 14:46

Dosinten en learlingen fan it CIOS op It Hearrenfean fiere moandei aksje foar in Armeenske klasgenoat. Edgar Bagdasaryan (25) hat lêsten te hearren krigen dat er tiisdei nei it útsetsintrum yn Ter Apel moat. Ek syn 47-jierrige mem soe dêr hinne moatte. Neffens dosint Bauke Tuinhof is de mem slim traumatisearre troch wat se yn it ferline meimakke hat.

Yn de sporthallen fan it CIOS is de protestaksje, om foar te kommen dat de Armeenske learling fuort moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)