Man pakt foar fernielerij

30 jan 2011 - 14:32

Oan de Kortestreek op De Lemmer is sneontenacht in rút fernield. In tsjûge seach dat in man mei de fernielings dwaande wie en warskôge de plysje. Dy wie gau te plak en koe de man oanhâlde.

It wie in ynwenner fan 24 jier fan Emmeloard. Hy wie by de fernielings ferwûne rekke oan syn hân. Hy moast mei nei it plysjeburo en dêr is proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)