Drachtster pakt nei fjochterij

De plysje hat dit wykein yngrepen by in fjochtpartij op de Súdkade yn Drachten. Twa ynwenners (18 en 22) fan Drachten hiene spul mei-elkoar. De jongste dielde in flinke klap út. De plysje helle de fjochtsjende manlju útelkoar. De jongste man draafde fuort, mar koe letter oanhâlden wurde.
Letter melde him noch in oar slachtoffer fan de man. Hy sei tsjin de plysje dat er in kopstjit krigen hie fan de 18-jierrige Drachster.